
De Pyreneeën (Frânsk: Pyrénées, Spaansk: Pirineos, Katalaansk: Pirineus) is in geberchte dat leit op de grins fan Spanje en Frankryk. It geberchte strekt har út oer likernôch 430 kilometer, tusken de Atlantyske Oseaan en de Middellânske See.
It dwerchsteatsje Andorra leit folslein yn it geberchte.
De heechste berch is de Aneto (3404 meter), yn it uterste noardeasten fan it Spaanske Arragon.
De Pyreneeën binne ûntstien troch de botsing fan it Ibearysk skiereilân mei it Jeropeeske kontinint, tidens de Alpiene orogenese, fan tsjintwurdich sirka 50 miljoen jier lyn.
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History