Reade Fjoerflinter


Free Web Hosting with Website Builder
Reade Fjoerflinter
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Lycaena hippothoe

De Reade Fjoerflinter (Lycaena hippothoe) is in soarte yn it skaai fan de lycaena.


Ynhâld

Foarkommen

Tusken 1981 en 1986 binne twa Reade Fjoerflinters sjoen yn súd- Limburch. Oant 1990 is er in populaasje west by Faals. De flinter hâldt fan wiete greiden. Se komme noch foar yn de Ardennen en Eifel. It is in honkfêste soart.

Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn.

Fleantiid

De flinter fleant fan ein maaie of oant midden july. De flinter fleant altyd yn 1 generaasje.


De flinter

De wjuklingte is likernôch 17 mm. De mantsjes binne op de boppekant donker oranje mei in readeftige glâns. By de wyfkes is de boppekant fan de foarwjuk dof oranje mei brune plakken.


De rûp

De rûp oerwintert as in healwaaks rûp yn in blêdelaach. De groeiperioade fan de rûp leit yn de simmer en it der neikommende foarjier.

De rûp fret surkesoarten en njirrewoartel.

Sjoch ek







Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History