
In ryk is yn de taksonomy it heechste nivo fan taksa. Under it ryk komt it nivo fan de stamme.
Lineaus brûkte yn syn Systema Naturae it "ryk", yn it Latyn regnum, as it heechste nivo fan syn taksonomy. Hy beskreau trije riken, dy't yn syn tiid sjoen waarden as folslein ûnôfhinklik:
Mei de opkomst fan it idee dat taksa net allinnich oanjoegen dat soarten oerienkomsten hienen, mar ek dat se besibbe binne, en in mienskiplike foarfaar hawwe, is de betsjutting fan it ryk ek wat feroare. Foar mineralen jildt dat nije ynsicht net, dat dy binne weifallen. En om't ek de riken no in wisse sibskip hawwe binne se net mear de alles-omfêtsjende taksa, mar mear it heechste nivo fan sibskip.
Mei it tafoegen fan foarmen fan libben dy't yn de tiid fan Linnaeus noch net beskreaun wienen is no in nivo mei fiif of mear riken ûntstean:
Dizze opdieling is lykwols net langer in fêst útgongspunt: Ofhinklik fan de ynsichten kinne de organismen yn noch mear ryken opdield wurde. Om de besibbens tusken guon fan de ryken oan te jaan wurde ek bopperiken definiearre. Der is lykwols gjin nij nivo definiearre foar it takson fan alle Organismen.
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History