Sina


Free Web Hosting with Website Builder

Dizze side giet oer de Folksrepublyk Sina, de grutte steat yn it easten fan Aazje. Sjoch Sina (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Sina.


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


中華人民共和國
中华人民共和国
Zhonghuá Rénmín Gònghéguó
Flagge fan Sina [[Ofbyld:|110px|Wapen fan Sina]]
Flagge Wapen
Motto:
Folksliet: Marsk fan de frijwilligers
Lokaasje fan Sina
Offisjele taal Mandaryn
Haadstêd Peking
Steatsfoarm Folksrepublyk
Gebiet
Oerflak
% wetter

9.596.960 km²
2,8­%
Ynwenners (2005) 1.315.844.000
Munt Renminbi (CNY)
Tiidsône UTC +8
Nasjonale feestdei 1 oktober
Lânkoade CHI
Ynternet .cn
Tillefoan 86

Sina, folút Folksrepublyk Sina, is in lân yn East-Aazje. De haadstêd is Peking en de presidint fân de folksrepublyk is sûnt 2003 Hu Jintao.

Geografy

De langste rivier yn Sina, de Jangtse, is 6300 km. In tredde part fan Sina is berchlân.

It Sineeske gea kin yn trije gebieten skifte wurde:

  • It easten fan Sina is it tichtsbefolkte gebiet dêr't de delta's fan grutte rivieren yn de Atlantyske Oseaan útkomme. De súdeastkust is bercheftich, wylst it suden oer it ginneraal heuveleftich is. It gebiet is heechstens 500 meter boppe seenivo.
  • Westlik dêrfan binne gâns bergen en grutte marren. De súdlike Goby woastyn leit yn it noarden fan Sina. It sintrale part fan Sina hat bergen fan tusken de 1000 en 2000 m.
  • It westlike part wurdt skaaimerke troch heechberchte. De grutste berchtmen binne dy fan de Himalaya, Pamyr en it Heechlân fan Tibet. De trochsneed hichte fan it Heechlân fan Tibet is 4500 m boppe seenivo.

Yn it easten grinzet Sina oan de Atlantyske Oseaan, fierders wurdt Sina begrinzge troch:

Skiednis

Sina is ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette. Al ridlik gau ferieniget it lân himsels en ûntjout him op it mêd fan keunst en wittenskip. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal Zheng He sânris nei lannen om de Yndyske Oseaan, wêrfan trije kear nei de eastkust fan Afrika, mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint.

Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Asiatyske kulturen, stûke de kultuergroei yn Sina. Jeropa waard konkurinsje fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa.

Mei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie der noch gjin frede yn Sina. De kommunisten fochten tsjin de Kwomintang yn de Sineeske Boargerkriich dy't de kommunisten yn 1949 wûnen. Sûnt is Sina in kommunistysk lân mei Mao Zedong as lieder fan de Kommunistyske Partij fan Sina.

Mao krige help fan de Sowjetuny foar de ûntjouwing fan grutte yndustry yn Sina. Net inkeld op ekonomysk mar ek op it militêre mêd woe Mao sjen litte dat Sina in grutmacht wie: wilens de Koreaanske Kriich reagen Sineeske militêren de NAFO út Noard-Korea, Tibet waard yn 1950 beset, dat sûnt 1918 ûnôfhinklik wie fan Sina.

Yn 1997 kaam Hongkong wer by Sina dat sûnt 1897 ferhierd wie oan de Britten.







Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History