Skylge


Free Web Hosting with Website Builder
Gemeente Skylge
Flagge fan de gemeente Skylge    Wapen fan de gemeente Skylge
(Flagge fan Skylge) (Wapen fan Skylge)
Lokaasje fan de gemeente Skylge
Provinsje Fryslân
Boargemaster J.M. Visser
Haadplak West-Skylge
Gebiet
- wetter
674,00 km²
-  585,90 km²
Ynwenners 4.725
Ferkearsieren ---
Netnûmer 0562
Postkoades 8881 - 8897
Offisjele webstee www.terschelling.nl

Skylge (Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 4.743 ynwenners (1 jannewaris 2003). De gemeente hat in gebiet fan 674 km2, wêrfan 585,77 km2 wetter, en 89 km kust. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge, mar ek It Gryn.

Ynhâld

Plakken

It haadplak fan it eilân is West-Skylge, en de oare plakken op it eilân binne: Aasterein, Baaidunen, Formearum, Hee, Hoarn, Kaart, Kinnum, Landerum, Lies, Midslân, en Stryp.

Fierders lizze op it eilân noch de buorskippen Healwei en Horp.

Skiednis

Skylge is ûnstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.

Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. De lêste feroaring wie yn 1942, doe't it wêr by Fryslân kaam.

Taal

Skylge hat twa Fryske dialekten, it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk.

Sjoch ek

Keppeling om útens

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Tessel - Flylân - Skylge - Amelân - Skiermûntseach - de Richel - it Gryn - Rottum (eilân)
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Langerëach - Spikereach - Wangereach
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Pälweerm - Noardstrân - de Halligen - Oomram - Feer - Söl - Rømø - Mandø - Fanø







Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History