|
|||||
| Motto: Plus Ultra (Latynsk: 'Noch fierder) |
|||||
| Folksliet: Marcha Real | |||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Spaansk | ||||
| Haadstêd | Madrid | ||||
| Steatsfoarm | Monargy | ||||
| Gebiet Oerflak % wetter |
504.782 km² 1,04% |
||||
| Ynwenners (2008) | 46.063.511 | ||||
| Munt | Euro (EUR) | ||||
| Tiidsône | UTC +1 | ||||
| Nasjonale feestdei | 2 juny | ||||
| Lânkoade | ESP | ||||
| Ynternet | .es | ||||
| Tillefoan | 34 | ||||
Spanje is in lân yn it Súdwest-Jeropa. De haadstêd is Madrid en de kening fan de monargy is sûnt 1975 Juan Carlos I.
Spanje wurdt begrinzge troch:
Eastlik fan it fêstelân lizze yn de Middellânske See de Baleären. Foar de kust fan de Westlike Sahara lizze de Kanaryske Eilannen, en op de noardkust fan Afrika lizze ek noch twa Spaanske eksklaves, Ceuta en Melilla, en foar de kust noch in pear Spaanske eilântsjes. Oan de Strjitte fan Gibraltar leit Gibraltar, in enklave dy't part fan Britske is.
Ynhâld |
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Spanje.
Spanje omfet it grutste part fan it Ibearysk skiereilân. Yn it noardeasten foarmje de Pyreneeën de grins mei Frankryk en Andorra. Yn it súdeasten leit de Sierra Nevada, mei de heechste top fan Spanje, de Mulhacen, 3.482 m. Mar ek de rest fan it lân is bercheftich. Ut dy bergen komme de rivieren, lykas de Ebro dêr't it skiereilân nei neamd is, en de langste rivier fan Spanje, de Guadalkwivir.
Spanje is in parlemintêre monargy mei in grûnwet út 1978. Op it stuit is Juan Carlos fan Spanje kening. It lân is opdield yn 17 autonome regio's, dy't meast fieder opdield binne yn provinsjes. De twa enklaves hawwe de status fan autonome stêden.
Sjoch ek de Spaanske regio's.
Spanje hie yn 2008 46.063.511 ynwenners. De grutste befolkingstichtens is oan de eastkust en yn en om de haadstêd Madrid hinne.
Al is Spaansk offisjeel troch it hiele lân, der binne noch fjouwer oare talen dy't ek offisjeel binne, yn parten fan it lân.
Spanje is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 24 novimber 1977 fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1982 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 1986 fan de Jeropeeske Uny.
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History