Spegelgroukopke


Free Web Hosting with Website Builder
Spegelgroukopke
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Hesperiidae)
soarte
Heteropterus Morpheus

It spegelgroukopke (heteropterus Morpheus) is in soarte yn it skaai fan de Heteropterus.


Ynhâld

Foarkommen.

Yn Nederlân is de flinter in seldsume soarte. Se binne tige honkfêst en tige kwetsber. Se komme noch foar yn Limburch en Brabân. Hiel lokaal komme se in soad foar. Yn 1950 kaam de flinter allinnich foar de omkriten fan Apeldoarn. Nei 1950 ek yn Brabân. Yn 1990 kaam de flinter yn fjouwer ferskillende gebieten foar: by Apeldoarn, de Weesterbosk, yn Goar flakby Soerendonk en de Grutte Peel. De populaasjes by Soerendonk en de Weesterbosk binne efterút gong. Mar de populaasje yn De Peel wurdt grutter. Fan 2002 ôf fleant der ek in populaasje by Deurne. De flinter hâldt fan heide en leafbosken. Faak binne se te finen by boskrânen.

Op de reade list stiet de flinter as bedrige.


Flinter

De wjuklingte is likernôch 15 oant 18 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk hat grutte wite plakken. Dy lykje wol op spegels. Dêrom ek de namme Spegelgroukopke. De flinters fleane op in huppeljende wize. In stikje omheech en dan wer nei ûnderen.

Fleantiid

De flinter fleant fan begjin augustus ôf. Foaral tusken 1 oant 20 july. De flinter fleant altyd yn 1 generaasje.

De rûp.

De rûp is grien mei in brún kopke. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. De rûp oerwinteret allinnich tusken ynspûne blêden. De rûp groeit yn de simmer en de hjerst en it foarjier dêrop .

De rûp fret ferskillende soarten gers en reid.

Sjoch ek







Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History