
| Stikelflinter | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Vanessa cardui |
De Stikelflinter (Vanessa Cardui) is in soarte yn it skaai fan de Vanessa.
Ynhâld |
De Stikelflinter is in trekflinter. Hy kin de winters yn ús lân net oerlibje. Alle jierren wurdt Europa kolonisearre fanút Súd-Spanje en Afrika. Yn geunstige trekjieren kinne de flinters rûnom sjoen wurde. Sommige jierren is er net te sjen. As der Saharasân yn Nederlân is, dan binne der faak ek Stikelflinters.
De wjuklingte fan de flinter is 26 oant 30 mm.
De flinter is te sjen fan april ôf oant begjin septimber. Foaral is er likernôch heal augustus te sjen. Der is mar ien generaasje.
De rûp kin 35 mm lang wurde. It liif is flewielswart mei giele healemoanne-foarmige tekens. Hy is bedutsen mei flinke giele en swarte toarntsjes. Yn Nederlân groeie de rûpen yn de simmerperioade; yn Nederlân en omkriten soenen de rûpen stjerre fan de kjeld at hja de winters oer bleaunen.
De rûp fret stikelplanten, lykas de Spierstikel en de Lytse Kladde, de Dúnstikels en de Grutte Brânnettel.
|
Orange butterfly by marcello99.jpg
|
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History