
| Swellesturtflinter | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Papilio machaon |
De Swellesturtflinter (Papilio machaon) is in soarte yn it skaai fan de Swellesturtflinters (Papilio).
Ynhâld |
De Swellesturtflinter kin op ferskate terreinen fûn wurde, lykas krûdrike greiden, tunen, sompegebieten en ekers. De Swellesturtflinter is in swermlustige soart. De flinter kin dan ek hiele einen fleane. Yn geunstige simmers kin er ek yn Fryslân sjoen wurde. Mar sommige jierren is er ek net te sjen. Yn Limburch binne altyd Swellesturtflinters.
Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.
De wjuklingte is 32 oant 41 mm. De grûnkleur is giel. De Swellesturtflinter wurdt faak sjoen by heuvels. Dêr moetsje de mantsjes en de wyfkes elkoar.
De flinter fleant fan begjin april ôf oant ein juny en fan ein juny oant ein septimber, foaral tusken 25 july oant 5 augustus. Fleant meast yn twa generaasjes, hiel soms yn trije.
De rûp kin 50 mm lang wurde. De rûp is grut mei in ljochtgriene kleur. Elk segmint hat in swarte bân. De kop is gieleftich mei swarte tekens. De rûp feroaret bot tidens it groeien en ferfeljen. De rûpen ûntwikkelje by't simmer. As de rûp him ûnfeilich fielt dan wurdt it osmaterium útskulpe. Dat osmaterium is in soart foarke-eftich orgaan. Dêrmei kin de rûp in stank feroarsaakje om sa oanfallers fuort te jeien.
De rûp fret skermblommigen.
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History