
It eilân Tessel (Hollânsk: Texel, Westfrysk: Tessel) is it grutste fan 'e Westfryske eilannen. Bestjoerlik is Tessel in selstannige gemeente. Op Tessel wenje likernôch 14.000 minsken en it is 170 km² grut. Yn 1415 hat Tessel (it gânse eilân) de ferneamde stedsrjochten krigen; dêrtroch is it yn km² besjoen, de grutste stêd fan Nederlân. Gemiddeld is it eilân 20 km lang en 8 km breed.
Ynhâld |
It hjoeddeiske eilân Tessel bestiet eins út twa eilannen: Yn it suden Tessel en nei it noarden ta Aailân. Tusken de eilannen lei it Anegat. Yn 1629-1630 lieten de Steaten fan Hollân de Sândyk oanlizze dy't de twa eilannen meiinoar ferbûn. Yn 1835 rjochte Nicolas Joseph de Cock, dy't oarspronklik út Antwerpen kaam, tegearre mei inkele oare hearen in NV op dy't de kwelder tusken Eierlân en Tesûsel ynpolderje soe foar agrarysk gebrúk. Yn de nij oanleine Eierlânpolder waard yn 1836 in doarp stifte mei de namme Nijdoarp, letter hat it doarp in nije namme krigen: De Koksdoarp.
Tessel leit tusken it Marsdjip yn it suden en en it Aailânske Gat yn it noarden. Nei it westen leit de Noardsee, nei it easten leit de Waadsee. Nei it suden is de Westfryske kust sûnt likernôch 1600 wer oaniensletten, dat Tessel is it súdlikste Fryske eilân. It neikommende eilân nei it noarden is Flylân.
|
|
|---|
|
Westfryske eilannen: |
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History