
| Tsiiskrûdengroukopke | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Carcharodus alceae |
It tsiiskrûdendikkopke (Carcharodus alceae) is in soarte yn it skaai fan de Carharodus.
Ynhâld |
De flinter hâldt fan gêrzige rûchten op waarme skeanten. Nei 1951 is dizze flinter net wer yn Nederlân sjoen. De flinter komt nog wol foar yn Eifel en de Ardennen. De flinter fertoant swerfgedrach.
Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn.
De flinter fleant fan heal april ôf oant ein juny. Fan ein juny oant heal augustus en soms ein augustus oant heal septimber. Fleant yn twa en soms yn trije generaasjes.
De wjuklingte is likernôch 14mm. De boppekant fan de foar- en efterwjuk hat donkere en ljochte kamûflaazjetekens. De efterrâne fan de efterwjuk liket kartele. De ûnderkant fan de efterwjuk is grieneftich mei wite plakken.
De rûp oerwintert as in healwaaks rûp. De rûp ferpopket him yn it foarjier.
De rûp fret fan it tsiiskrûd en teewoartel.
Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History