Koördinearre Wrâldtiid


Free Web Hosting with Website Builder

Koördinearre Wrâldtiid of UTC (Universal Time, Coordinated) is in universele tiidskaal mei in werjefte yn 24-oers notaasje sûnder punten en sûnder oantsjuttings as "n.m." of yn it Ingelsk "am"/"pm".

Koördinearre Wrâldtiid is ien fan de foarmen fan Wrâldtiid, ôfkoarting UT, dy't de ferskate foarmen fan GMT (Greenwich Mean Time) ferfongen. De tiidskaal is opboud út SI-sekonden, mar wurdt troch skrikkelsekonden lykhâlden mei astronomyske tiid, UT1.

Yn in grut part fan Jeropa, dêrûnder Nederlân, jildt foar de wintertiid UTC+1 en foar de simmertiid UTC+2 (likernôch respektivelik 1 en 2 oere letter as de sinnetiid op de nulmeridiaan.







Why are we here?
All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License
This page is cache of Wikipedia. History